Peinder Mieden giet troch

Skreaun troch Durk Oosterhof

PeinderMiedenNei jierren fan ûnwissigens, is no de kûgel troch de tsjerke: de Peinder Mieden kin los. De FNP makket him soargen oer it slagjen fan it projekt. As alles útkomt sa as ús foarhâlden wurdt, kin it wat moais wurde, mar yn ús eagen binne der noch wol wat losse eintsjes. Ien dêrfan is it ûnderhâld fan de lânskip. 

De bewenners fan de Peinder Mieden binne ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan it lânskip, salang it net mear dan in bepaald bedrach yn de moanne kostet. Net dúdlik is wat der barre sil wannear't de ûnderhâldskosten heger wurde dan dat bedrach. Dogge wy dan konsessies oan it lânskip? Of moat de mienskip dan bydrage oan it wengenot fan 40 hûshâldens yn de Peinder Mieden?

In oar punt is dat de gemeenteried yn 2012 dúdlike rânebetingsten stelt hat oer wêr't oan foldien wurde moatte soe om it projekt trochgean te litten. Dy rânebetingsten wurde stikje by bytjse oanfretten. Wannear't de de gemeenteried fêsthâlden hie oan dy betingsten (ûnder oaren foar wat de sekerheden oanbelanget dy't de takomstige keapers jaan moatte soene oan de gemeente foar wat de kavels oanbelanget), soe it projekt al folle earder stoppe wêze. Dan soe de gemeente no gjin risiko's mear rinne yn dit projekt.

Alles mei-inoar is de FNP tsjin it trochgean fan it projekt. Hoewol't de feriening fan takomstige bewenners harren de fuotten út de sloffen rint, fine wy it risiko foar de mienskip te grut om yn dit projekt te stappen.