Spoeddebat oer útfiering ynkeapbelied

Skreaun troch Durk Oosterhof

In bedriuw yn de gemeente hat ferline jier in stagair diskriminearre omdat er homofyl is. Dat is troch in rjochterlike útspraak befêstige. Foar it kolleezje is dat reden om in jier lang gjin ynkeapen mear by dat bedriuw te dwaan. De grûnslach dêrfan leit yn it ynkeapbelied dat fêststeld is. Dúdlike saak wat de FNP oanbelanget.

It is goed dat de gemeente by de ynkeap net allinne nei de priis-kwaliteitsferhâlding sjocht, mar ek yn oerwaging nimt hoe oft bedriuwen it dogge as it giet om maatskiplik ferantwurde ûndernimmen. It diskriminearjen past perfoarst net by it maatskiplik ferantwurde ûndernimmen.

Troch it ynkeapbelied dat de gemeente hat, is der in dúdlik ramt dêr't ôfwagings mei makke wurde kinne as it giet om it wol of net saken dwaan mei bedriuwen. Dat komt willekeur foar.

De FNP fynt it fanselssprekkend dat it kolleezje by it dwaan fan ynkeapen, it ynkeapbelied tapast. Foar it CDA, de ELP en de VVD en de Groot fan SB is dat net fanselssprekkend, sa die bliken.