Gjin sneinsiepening yn Smellingerlân

Skreaun troch Durk Oosterhof

centrum

Yn ús gemeente meie winkels net op snein iepen en yn it koalysjeakkoard fan D66, PvdA, SP en de CU hawwe se ôfpraten dat der yn dizze kolleezjeperioade neat oan feroarje sil. Lykwols woe de ELP mei in inisjatyfútstel foarinoar krije dat de ried sneinsiepening mooglik meitsje soe.

De FNP hat yn de ferkiezingskampanje it stânpunt ynnommen dat wy net nei in 24-oeren ekonomy tawolle en dat it foar de mienskip wichtich is dat der in soarte fan mienskiplik rêstmoment is yn de trêdmûne fan de ekonomy. Wy koene dan ek net foar dit útstel stimme; dan soene ús kiezers ûnrjocht oandwaan. Boppedat is it stânpunt fan de FNP op dit dossier ek net feroare.