Freonskipsbân Kiryat Ono

Skreaun troch Durk Oosterhof

kiryatono

In wurkgroep yn Smellingerlân is warber om de freonskipsbân mei Kiryat Ono nij libben yn te blazen. Ek yn Kiryat Ono binne twa minsken dy't harren ynsette wolle foar it nij oppoetsen fan de bân.

De FNP fynt net dat de gemeente de freonskipsbân wer aktivearje moat. Yn de gemeente is de freonskipsbân mei in stêd yn Israel net fanselssprekkend mear. Wy soene de bân leafst sliepend hâlde en soene de gemeente yn petear gean litte wolle mei Kiryat Ono om de bân te ferbrekken (it soe net netsjes wêze om iensidich de bân te ferbrekken). Mar yn de ried lei in amendemint foar om de bân fuort hielendal te ferbrekken.

Omdat it amendemint ticht lei by wat de FNP wol graach wolle soe, hat de FNP it amendemint stipe. Mar omdat it útstel dêr't de freonskipsbân mei Kiryat Ono ûnderdiel fan wie it as gehiel net helle, bliuwt de situaasje earst by it âlde....