Net mear eveneminten yn FCD

Skreaun troch Durk Oosterhof

FCDIt Fries Congres en Paardencentrum (FCD) wol graach mear mooglikheden om net hysterelatearre eveneminten organisearje te meien. De omwenners hawwe dêr problemen mei. Se tinke dat der mear oerlêst komme sil.

Yn it bestimmingsplan is fêstlein dat der jierliks 12 net hysterelatearre eveneminten hâlden wurde meie yn it FCD. In evenemint mei maksimaal trije dagen duorje. It oantal net hyste-eveneminten is doedestiids ek yn oerlis mei en mei ynstimming fan de omwenners yn it bestimmingsplan opnommen. De ûndernimmer dy't it hystesintrum kocht hat, wie fan dizze 'beheiningen' op de hichte.

It soe nei de omwenners ta net goed wêze wannear't de gemeente nei 10 jier al de ôfspraak oan de kant sette soe en mear eveneminten yn it bestimmingsplan tastean soe. Dat is ek de reden dat de FNP it net mei de ferromming iens wie. Gelokkich tocht in mearderheid yn de ried der krektsa oer.