Transferium slút oan by fyzje FNP

Skreaun troch Durk Oosterhof

transferiumYn de de tiid dat it der op like dat de gemeente 28 miljoen ynvestearje soe yn in spoar fan Grins nei Amsterdam fia Drachten en it Hearrenfean, wie de FNP fan betinken dat op syn minst earst útsocht wurde moatte soe of mei it oanlizzen fan in spoar wol it measte maatskiplik rendemint helle wurde soe mei dat jild.

Wy tochten dat it better wêze soe om yn te setten op in flugge busferbining tusken Grins en it Hearrenfean mei in stop yn Drachten, eventueel op in aparte busbaan. Mei it oanlizzen fan it transferium komt dat no in stapke tichterby.