Fraachtekens by de Peinder Mieden

Skreaun troch Durk Oosterhof


peindermiedenDe FNP makket him soargen oer de realisaasje fan de Peinder Mieden en de kosten dy’t dêr mei anneks binne. De Peinder Mieden is it plan dêr’t in kollektyf fan partikulieren 90 ha grûn fan de gemeente keapet en dêr likernôch 40 wenten op bouwe mei.

It kollektyf wurdt dan ferantwurdlik foar it behear fan de 90 bunder natoergebiet. By it behear binne betingsten omtrint ûnder oaren duorsumheid en lânskipsbehâld. Yn 2012 is it riedbeslút nommen om mei it projekt oan de slach te gean; yn 2014 hat de ried besluten om it projekt yn twaen te knippen omdat der noch te min animo foar wie. Fase 1 is in plan fan likernôch 60 bunder.

It bestimmingsplan fan fase 1 sil yn it tredde fearnsjier yn de ried komme mar dat is ûnder foarbehâld fan hoefolle minsken der belang ha by in kavel yn de Peinder Mieden. Dat foarbehâld jout ús soargen. En allinne al it yn besit hawwen fan de grûn kostet de gemeente al 30.000 euro yn ‘t jier sa as yn 2014 dúdlik waard. Hokker kosten dêr oerhinne komme is ús net dúdlik.

Dêrnjonken hâldt de FNP fraachtekens by it behearplan dat ûnder de Peinder Mieden leit. As aanst bliken docht dat it behear mear kostet dan wat begrutte is, wa draait dan op foar dy ekstra kosten?

Mei de fragen hopet de FNP dúdlikheid te krijen oer hoefier it projekt is en hoefolle it de gemeente jierliks kostet.