Aldi oan de Raai-Leidyk?


aldi raai leidykDe Aldi-winkel achter de Noordkade is te lyts en dêrom wol de Aldi graach nei in oare lokaasje. Yn de mande mei de gemeente is in nij plak fûn: oan de Raai-Leidyk, flak foar it nije skoallepark oer. De gemeenteried is frege wurden yn te stimmen mei de lokaasje en it bestimmingsplan dêrop oan te passen. De FNP giet dêr net yn mei om de folgjende redenen:

 

 

 

  1. De koartlyn fêststelde detailhannelsfyzje jout oan dat winkels yn de wyksintra sitte moatte en dat der gjin solitêre winkels krekt bûten it sintrum hearre. De Raai-Leidyk is sa'n solitêre lokaasje. It kolleezje kin net motivearje wêrom't de winkel dêr sitte moatte soe;
  2. In Aldi-supermerk fuort foar in skoalle oer (dêr't tûzenen learlingen op sitte) past net yn it stribjen fan de gemeente om foar de jongerein in sûne omjouwing te jaan;
  3. In supermerk jout ekstra ferkearsbewegingen. Op dy lokaasje makket de FNP him soargen oer de druk op de ferkearsfeiligens dy't dat jaan sil.

Omdat ik kolleezje net dúdlik oanjaan koe wêrom't dit no sa'n gaadlike lokaasje is en der troch de ELP oanjûn waard dat der yn 2010 troch de gemeente in brief oan de Aldi stjoerd wie dat de lokaasje net geskikt wêze soe, hat de FNP frege om alle korrespondinsje mei de Aldi oer de útpleatsing út it sintrum nei de ried komme te litten. Omdat de measte partijen dat ek fûnen, is it beslút oer it bestimmingsplan fjouwer wike opskood.

Hooplik makket de nije ynformaasje dúdlik hoe oft it kolleezje ta dit útstel kaam is.