Omtinken foar it Frysk yn it kultuerbelied

De FNP wol dat yn it Smellingerlânske kultuerbelied it Frysk bewust en op in natuerlike, optimale en yntegrale manier meinommen wurdt. Yn de kultuernotysje dy't troch de rie fêststeld wurde moat, wurdt op gjin inkele wize oansletten by it feit dat in grut part fan de ynwenners van ús gemeente it Frysk as memmetaal hat.

“Dizze notysje soe yn hast elts plak bûten Fryslân sa fêststeld wurde kinne, sa as by yn de Rûne Tafel gearkomste oer dit ûnderwerp terjocht opmurken waard” neffens Oosterhof fan de FNP. “Troch bewust omtinken te jaan oan it Frysk, wurdt it kultuerbelied breder en better en kin ús gemeente him dêrmei ek kultureel ûnderskiede en op de kaart sette”.