Parkeargaraazje bongel oan de poat

parkeargaraazjeDe nije parkeargaraazje wurdt de gemeente in bongel om de nekke. Yn de begrutting fan de gemeente moat der jierliks mear dan 3 ton oan ekstra jild by. Yn de oarspronklike begrutting fan de parkeargaraazje út 2006 wie der fan út gongen dat der jierlikse autonome groei fan it parkearren wêze soe.

Troch de ekonomyske krisis mar benammen ek troch it tanimmende ynternetwinkeljen sit dat der net mear yn.

De eksploitaasje fan de parkeargaraazje moat betelle wurde út de parkearjilden. Deste frjemder dat in oantal partijen kear op kear wer oankomme mei útstellen om it parkearjen fergees te meitsjen. Hja tinke dat Drachten as winkelplak in min imago hat of kriget troch it betelle parkearjen. En as je dat mar faak yn de ried roppe, soe dat ek best wolris barre kinne. Wy tinke dat it mei it imago wol wat tafalt. De gemeente hat miljoenen yn it sintrum ynvestearre en sil ek noch miljoenen ynvestearre (Noardkant sintrum by de Fûgelsang, it opknappen fan de stegen yn it sintrum, de Merke).

It sintrum hat dêrtroch in kwaliteit dat minsken lûkt en dan is parkearjild net mear in drompel.