FNP pleitet foar nij taalbelied

lettersYn de begruttingsgearkomste fan de gemeente op tiisdei 10 novimber hat de FNP it taalbelied fan de gemeente oan de oarder steld. De gemeente Smellingerlân hat in folgjend taalbelied. Dat betsjut dat de gemeente reagearret yn de taal dêr't se yn benadere wurdt.

Yn de praktyk bart dat faak net. De gemeente is wat it stimulearjen fan fan it brûken fan it Frysk faak ôfwachtsjend, passyf en somtiden sels definsyf yn de eagen fan de FNP.

Dêrom dat de FNP yn de riedsgearkomste pleite hat foar in evaluaasje fan it âlde taalbelied en oankrongen hat op in nij taalbelied dat de gemeente yn in mear aktive rol set foar wat it Frysk yn it bestjoerlik ferkear oanbelanget. De FNP soe it leafste sjen dat der yn de prestaasjeôfspraken mei maatskiplike ynstellingen ek in paragraaf komt oer it brûken fan de Fryske taal. Yn de kommende moannen sil de FNP, faaks yn de mande mei oare partijen, in inisjatyfútstel tariede.