De Lawei kin it risiko net drage

nijelaweiBy de fernijbou fan de Lawei is ôfpraten dat de Lawei 1,4 miljoen fan de boukosten sels dekt út de eigen begrutting. De Lawei moat dat jild liene, mar nei no bliken docht, kin de Lawei it risiko fan de liening net drage.

Dêrom freget de Lawei de gemeente garant te stean foar de 1,4 miljoen euro. Dit smyt de Lawei in behoarlik rintefoardiel op (en de gemeente in behoarlik risiko).

De FNP is bûtengewoan kritysk op it foarnimmen fan it kolleezje om in garantstelling ôf te jaan foar 1,4 miljoen en freget him ôf oft der yn de begrutting fan de Lawei gjin jild te finen is om sels it risiko fan de liening te dragen. It is foar ús net fanselssprekkend dat de gemeente dit risiko drage moat.