It opknappen fan de stegen yn it sintrum

stegenYn novimber 2013 hat de rie in amendemint oannaam oer it extra jild besikber stellen foar it sintrum. It gong om 2 miljoen euro. De FNP wie tsjin it amendemint op de begrutting omdat der tefolle jild sûnder dúdlik doel reservearre waard foar in sintrum dêr't de gemeente al in hiel soad yn ynfestearre hie.

Yn febrewaris 2014 hat de rie yn moasje oannaam om it ekstra jild te brûken foar it slopen fan it pand oan de Suderbuorren om dêrmei in brede ferbining tusken it Riedhûsplein en de Suderbuorren te realisearjen. Ek dizze moasje is net stipe troch de FNP.

No komt it kolleezje mei in plan om it jild dat foar it sintrum resevearre is te brûken foar it opknappen fan de stegen yn it sintrum. De FNP fynt dat in bettere besteging foar de extra sintrumjilden dan it oankeapjen en slopen fan in pand foar it meitsjen fan in brede trochgong en sil dit plan dan ek stypje.

Wol fynt de FNP dat it kolleezje fierstene let komt mei dit plan. It wie fan it bejin ôf oan dúdlik dat it kolleezje de moasje fan febrewaris 2014 net útfiere woe. Dêrom hie it kolleezje de rie folle earder ynformearje moatten dat se de moasje net fan doel wiene út te fieren. Dan hie der op dat stuit in debat fierd wurde kinnen mei al of net politike konsekwinsjes.