Pinautomaat út de Rottefalle

Pintautomaat RottefalleDe pinautomaat yn de Rottefalle wurdt begjin jannewaris troch de Rabobank fuorthelle. Dat is foar it doarp al wer in foarsjenning dy't ferdwynt. Wy hawwe in (anonieme) brief krigen mei de fraach oft wy helpe kinne om de automaat foar it doarp te behâlden.

Doe't de FNP yn septimber hearde dat de automaat ticht soe, hat de FNP belle mei de foarsitter fan doarpsbelang en ek in petear hân mei de Rabobank. Doarpsbelang wie noch mei de bank yn petear oer de fierdere ôfhanneling fan it sluten. Hja hiene de automaat leaver net fuort.

De bank joech oan dat it iepen hâlden van de automaat om meardere redenen net koe (te min en in jierliks weromrinnend tal transaksjes en ûnfoldwaande befeiliging op dit stuit). Ien dêrfan wie dat de bank ûnevenridich ynsfestearje moatte soe om de automaat op in feilige manier iepen te hâlden.

Neffens de bank binne der yn it bûtengebiet fan de gemeente noch in tal automaten oer dy't wol iepen bliuwe en net ûnevenredich fier fan de Rottefalle ôf lizze. Boppedat sa sei de bank, komme hieltiten mear alternatieven foar it kontant beteljen (ûnder oaren mei de RFC chip). De bank joech oan dat se safolle mooglik besykje soene de knipepunten dy't it sluten fan de automaat opleverje kinne soe, op te lossen.

Uteinliks is it fuotheljen fan de automaat in beslissing fan de bank sels. Oare banken hawwe hielendal gjin automaten (meer) yn it bûtengebiet fan ús gemeente. De FNP hat net safolle mooglikheden om de sluting te kearen. Wy binne der bygelyks net foar dat de gemeente jild oan de bank betellet om de automaat iepen te hâlden. Dan stypje wy yn feite in kommersjele partij en dat is net in taak fan de gemeente.

De FNP sil dan ek net fierder aksje ûndernimme al hoe spitich wy it ek fine dat de automaat ferdwynt.