Spoeddebat Lawei leveret neat op

deLaweiTongersdei waard in spoeddebat hâlden oer de Lawei. Kearn fan it debat wie oft de wethâlder ynformaasje foar de rie achterhâlden hie yn de gearkomste fan 30 septimber. Yn dy gearkomste waar de stipe fan de rie frege om 3,725 miljoen euro ekstra subydzje oan de Lawei beskikber te stellen.

Op 30 septimber waard de rie stipe frege om 3,725 miljoen ekstra subsydzje oan de Lawei beskibker te stellen om de bou ôfmeitsje te kinnen. De ynformaajse dy't it kolleezje joech oan de rie wie hiel iensidich in ferhaal fan de Lawei en wie net folslein. Op basis fan dy ynformaasje waard de rie frege in ôfwaging te meitsjen om it foarnimmen fan it kolleezje te stypjen. Omdat de ynformaasje sa iensidich wie, koe de rie dêr nea in ôfwaging yn meitsje. De wethâlder wie net ree om oanfoljende ynformaasje te jaan.

Op inisjatyf fan de ELP waard dhr van Norel útnoege om syn kant fan it ferhaal te dwaan. Hoewol de FNP net by de gearkomste wêze koe hawwe wy wol de dokuminten sjoen dy't van Norel oer de bou en de oanstjoering fan de bou hie. Dêr die hiel dúdlik bliken út dat de oanstjoering fan de bou ûnder de maat wie. Bestekken dy't net doogden en wêr't net op tiid oplossingen en oanpassingen op kamen, tekeningen dy't te let beskikber kamen wêrtroch materiaal net besteld wurde koe en nog folle mear. Van Norel hat fan septimber dit oan de oarder steld en yn maaie al in brânbrief stoerd. Dat wie allegearre ynformaasje dy't de rie net hie mar dy't wol hiel wichtich wie om in ôfwaging oer de 3,725 miljoen euro ekstra foar de Lawei meitsje te kinnen.

De koalysjepartijen en de wethâlder diene it foarkommen as woe de opposysje op de stoel fan de rjochter sitten gean yn it skeel tusken de Lawei en de oannimmer, wylst it der om gong dat de rie de ynformaasje ha woe op grûn wêrfan it kolleezje de ôfwaging makke hie om ekstra jild foar de Lawei besikber te stellen.

Yn de problematyk fan de oannimmer en de Lawei wiene twa oplossingen mooglik: de bouwer opsizze (hege kosten) of der in oare bou-organisaasje opsette al of net mei mediation (goedkeaper). Om dy ôfwaging meitsje te kinnen, hie de rie ynformaasje nedich fan it hiele bouproses en dy ynformaasje woe de wethâlder net jaan. De moasje fan wantrouwen dy't dat oplevere, waard troch de koalysje blokkeard.