Rie beslút op grûn fan iensidige ynformaasje oer Lawei

deLaweiDe Lawei krijt 3,725 miljoen euro ekstra subsydzje om de bou ôf te meitsjen en de mearderheid fan de rie hat har stipe dêrfoar útsprutsen. "Der kin no wer fierder wurke oan de kultuerambysje fan de rie", sa as de wethâlder it formulearre. Mar de rie hie der ek in jildbedrach by yn gedachten en liket no fergetten te wêzen.

Wy ha noch net earder meimakke dat de rie sa fluch in beslút nimt oer 3,725 miljoen euro en mooglik noch mear. En al hielendal mei sokke iensidige ynformaasje. It útstel fan it kolleezje mei in ordner fol fertroulike dokuminten waard freed op de ein fan de moarn oan de rie stjoerd (de fertroulike stikken koene allinne ûnder wurktiden op it gemeentehûs ynsjoen wurde).

In amendemint fan de FNP om net fuortendaliks oer de stipe fan de rie foar de ekstra subsydzje te praten mar dat op basis fan mear ynformaasje en foaral mear lykwichtige ynformaasje te dwaan, helle it net. Ek in amendemint fan it CDA om no net oer it de sitpe foar it jild te beslissen, mar yn it plak dêrfan te besykjen in mediator oan it wurk te setten helle it net. De moasje fan de ELP om alle ynformaasje dy't de gemeente hat oan de riedsleden beskikber te stellen, waard troch de koalysje blokkearre.

Ek de FNP fynt dat de (fer)bou fan de Lawei ôfmakke wurde moat, mar wol dan wol de folsleine ynformaasje hawwe omtrint it konflikt tusken de oannimmer en de Lawei foardat der jild beskikber steld wurdt. Stel dat de skuld fan it konflikt by de Lawei leit, moatte wy dan noch mear jild beskikber oan de Lawei? Dat is fraach dy't mei de ynformaasje fan no net beantwurde wurde kin en mei dêrom koe de FNP ek net ynstimme mei de ekstra subsydzje.