FNP net iens mei beliedsplan

gemeentehûsFan de wike waard it foarnommen belied foar de periode 2013-2016 besprutsen. Us gemeente liket der finansjeel noch wol goed foar te stean. Der kin noch ynfesteard wurde en it sosjale belied hoecht net útklaaid te wurden.

Dat is goed wurk fan it kolleezje. Mar der binne ek mindere punten.

 

 

 

 

Dat wy net ynstimd hawwe mei it beliedsplan hat benammen te krijen mei it folgjende:

  • Yn it beleidsplan wurdt útsteld om 20 miljoen te reservearjen foar it projekt ‘Bestemming Drachten’. Dat is in sammelnamme fan mooglike ynfrastruktuerprojekten dy’t Drachten better berikber meitsje (sawol oer de dyk as oer it wetter). Dy 20 miljoen is in part fan de reservearring dy’t foar it spoar bestimd wie. Dat wie 28 miljoen en no’t spoar net trochgiet, falt dat jild frij.

    De FNP fynt dat de reserve foar it spoar frijfalle moatte soe yn de algemiene reserve. As der dan konkrete plannen lizze foar ynfrastruktuer-oanpassings, kin de gemeenteried op dat stuit de yntegrale ôfwaging meitsje om it jild der wol of net foar beskikber te stellen;

  • In beliedsplan is in plan foar it belied foar de kommende tiid. De gemeenteried hat yn 2011 in Yntegrale takomstfyzje opsteld. Op inisjatyf fan de FNP hat de ried doe in winksbyld delsetten foar de gemeente fan 2035. Dat winskbyld hie it útgongspunt wêze moatten foar it belied, ommers: wy besykje mei it belied ta te stjoeren nei dat winksbyld.

    Yn dit beliedsplan fynt de FNP de útgongspunten fan de yntegrale fyzje en it winksbyld dêryn, te min werom.  In miste kâns wat ús oanbelanget.

  • Yn ús gemeente wurdt al jierrenlang in belied fierd fan ekonomyske groei mei as sintraal doel it omleech bringen fan de wurkeleazens. En wy sjogge ek al jierren dat it tal minsken sûnder wurk yn ús gemeente struktureel heger leit dan it Frysk gemiddelde wylst it doel is om by it provinsjaal gemiddelde út te kommen. Dêr soe út konkludearre wurde kinne dat ackwisysje en it hjirhinne heljen fan nije bedriuwen miskien wol net de goede  ynstruminten binne om it doel te berikken.

De mearderheid fan de ried stimde yn mei it beliedsplan.