Smellingerlân wurdt fair-trade gemeente

fairtrade logoYn de ried fan 4 septimber 2012 is mei it inisjatyf ynstimd om ús gemeente Fairtrade te meitsjen. In Fairtrade Gemeente is in titel dy't in gemeente krije kin als hja bysûndere ynspannings leverje om fairtrade of earlike hannel mooglik te meitsjen.

Smellingerlân wol har ûnder oaren ynsette foar:

  • Mear oankeapplakken foar Fairtrade-produkten, sawol yn de detailhannel as yn de horeka;
  • Mear ynwenners en bedriuwen en organisaasjes yn Smellingerlân besykje te stimulearjen om dizze oankeapplakken te finen;
  • Mear bekendheid oer de betsjutting fan Fairtrade foar ûntwikkelingslânnen.

It inisjatyf slút oan by de lânlike Nederlânske Fairtrade-kampanje dy't rjochte is op útwreiding fan earlike hannel. Neffens dizze kampanje – en sa is dit ek ferwurde yn it útstel - is earlike hannel tige wichtich om de realisaasje fan de Milleniumdoelen tichterby te bringen. De kampanje is fuortkommen út in gearwurking tusken de Stifting Max Havelaar, de lânlike Feriening fan Wereldwinkels, it eardere COS Nederlân en it ICCO.
Bedoeling is dat der in inisjatyfgroep Fairtrade Smellingerlân komme sil dy't mei help fan in 'stappenplan' en in kommunikaasjeskema in wurkplan meitsje sil. In krekte eindatum fan it wurkplan kin op it stuit noch net jûn wurde.
FNP-Smellingerlân stipet dit útstel mar freget ek omtinken foar it grutte belang fan it op in ekologyske ferantwurde wize fan produsearjen fan de fair-trade produkten.