Reklamebelesting net earlik

sintrumDrachtenParseberjocht: De reklamebelesting dy't B&W fan Smellingerlân ynfiere wolle foar alle ûndernimmers yn it sintrum, is ûnearlik. Ûndernimmers dy't gjin lid wêze wolle fan de feriening H&I moatte wol betelje, mar meie net meiprate oer it jild. Dat stelle FNP en Grien Links yn Smellingerlân. Kommende wike wurdt yn de gemeenteried praat oer it fûns dêr't de nije belesting yn komme moat.

B&W wolle graach mear ferdivedaasje yn it Drachtster sintrum en binne fan doel in stifting oprjochtsje te litten dy't de opbringst fan de belesting beheare sil. De stifting sil hjirmei aktiviteiten organisearje yn it sintrum. It bestjoer fan de stifting sil bestean út maksimaal fiif leden, trije fan H&I en twa ûnôfhinklike leden. FNP-riedslid Sijbren Sijtsma: "Dit kin net. H&I krijt dus altyd in oerwicht yn it bestjoer en kin dus bepale wat der bart en hokker aktiviteiten oanfrege wurde.". De keppeling tusken H&I en it ûndernimmersfûns is ûnsuver, sa sizze beide partijen. Ek Grien Links is net wiis mei de bestjoersgearstalling: "Wij vragen ons af wie de 2 onafhankelijke bestuursleden aanwijst. Waar komen die vandaan?, neffens it riedslid Marjon Said-Brinkman. It Kolleezje sjocht lykwols gjin beswieren: de stifting wurdt ferplichte ien kear yn it jier in ûndernimmersgearkomste te organisearjen en dêrmei tinkt B&W dat de ynfloed wol foldwaande dutsen is.

Dat der in ûndernimmersfûns komme sil, folget eins al út in riedsbeslút fan ferline jier juny. Doe wie allinne de FNP tsjin. FNP en Grien Links hawwe no in pdf amendemint  taret wêrmei se berikke wol dat eltse belestingplichtige likefolle ynfloed krijt op de besteging fan de jilden en op de bestjoersgearstalling fan de stifting.