Jierferslach rekkenkeamer 2011

siferkesSûnt april 2006 hat Smellingerlân in saneamde rekkenkeamerkommisje (RKC). In rekkenkeamerfúnksje is wetlik ferplicht. De rekkenkeamer stipet de ried by de kontrole op de útfiering fan it gemeentlik belied troch it Kolleezje fan B&W.

It doel fan de RKC is it fersterkjen fan de kontrolearjende rol fan de ried. Dêrom fiert de kommisje ûnôfhinklik ûndersyk út, dat rjochte is op de fraach oft it gemeentlik belied wol effektyf en doelmjittich west hat. De ynstek fan de RKC is dat de útfiering fan harren taak liede moat ta in ferbettering foar de gemeente en de ynwenners.

Yn de RKC sitte trije eksterne leden en trije riedslieden foarsitten troch in ûnôfhinklik foarsitter. Durk Oosterhof sit fanôf novimber 2011 as riedslid yn de RKC.

De RKC is fan doel elts jier twa ûndersyken út te fieren. Dat foarnimmen waard yn 2011 net helle om't in ûndersyk nei it transformaasjeproses by Caparis úteins net útfiert wurde koe.

It ûndersyk nei it ynhieren fan tredden troch de gemeente Smellingerlân waard yn 2011 ôfrûne. Dit hat lieden ta in riedsbeslút om de ynhier fan tredden tenei yn it gemeentlik jierferslach te spesifisearjen en ta te ljochtsjen. Dat jout de ried dan de mooglikheid om as dat nedich fûn wurde soe, te stjoeren op it folume fan de ynhier.

Nei de simmerfâkânsje fan 2011 is de RKC begûn mei in ûndersyk nei de effektiviteit fan de kommunikaasje fan de gemeente Smellingerlân. De einrapportaazje wurd meikoarten ferwachte.

It jierferslach 2011 is te finen op de gemeentlike hiemside.