Takomstfyzje op inisjatyf fan FNP oanpast

takomstfyzjesmellingerlanYn de riedsgearkomste fan 10 maaie waard de 'Yntegrale takomsfyzje' fan Smellingerlân behannele. Yn de fyzje soe beskreaun wurde moatte hoe oft wy graach wolle dat Smellingerlân der yn 2035 útsjen moatte soe. In winskbyld dus.

De fyzje dy't oan de ried  foarlein waard, beskreau fjouwer senario's fan hoe oft it rinne kinne soe. Der siet net in winksbyld by. Omdat de yntegrale takomstfyzje in dokumint is dêr't belied foar de koartere termyn oan hifke wurde moat, like it de FNP dochs wol wichtich om fan de 4 senario's út ek in winksbyld del te setten.

It troch de FNP skreaune pdf amendemint  mei it winskbyld is tegearre mei GrienLinks yntsjinne en oannommen. Dêrmei sit der in no yn de fyzje ek in dúdlik winksbyld dêr't wy in de takomst op weromfalle kinne by it fêststellen fan nij belied. By nije beliedsstikken sil sjoen wurde moatte hoe oft se bydrage oan it berikken fan it winksbyld yn 2035.