Lytse wizigings by it kwytskellen fan gemeentlike lesten

gjinjildAllinichsteande âlders mei in leech ynkommen kinne meikoarten de kosten fan de saneamde "formele berneopfang" ôflûke fan harren útkearing of lean. Dêrmei wurd it ynkommen foar dizze groep minsken ferlege wêrtroch rjocht ûntstean sil op kwytskelding fan gemeentlike belêstingen.

Oant koartlyn wie dit net mooglik, mar troch in wiizging yn de lânlike Ynfoarderingswet 1990, meie gemeenten dit no tapasse. Sadwaande kinne wy noch wat berikke foar dizze kwetsbere groep. De FNP is wiis mei dit útstel, benammen ek om't it mear foech jout yn ús lokale minimabelied.

Dêrnjonken krije minsken mei inkeld AOW aanst te krijen mei in oare fiskale behanneling troch de oerheid. Hjirtroch sille de útkearings fan in oantal 65-plussers boppe de WWB-noarm komme wêrtroch hja minder in berop dwaan kinne op gemeentlike kwytskelding. De gemeenten kinne lykwols de kwytskeldingsnoarm foar dizze groep hanthavenje op 100 persint fan in skjinne AOW-útkearing. Smellingerlân wol hjir gebrúk fan meitsje; sa bliuwt foar dizze AOW-ers de mooglikheid op folsleine kwytskelding bestean.

Yn beide gefallen giet it fansels wol om "reparaasjewetjouwing" dy't del lein wurd by de gemeenten; hja wurde útnoege om besúnigings fan Den Haach op te lossen sûnder budzjet dêrby te krijen. No giet it hjir net om in grutte groep minsken, mar it is wol wer in befêstiging fan in tendins dy't hieltiten mear sichtber wurdt.