Provinsje kiest foar sûn ferstân

kaartsjesmellingerlanFan de wike kaam de provinsjale fyzje op de weryndieling yn Sudeast Fryslân nei bûten. Yn dy fyzje stiet mei safolle wurden dat weryndieling yn Sudeast Fryslân net oan de oarder wêze kin. De gemeenten yn dy hoeke ha genôch bestjoerskrêft en in fúzje fan Smellingerlân en it Hearrenfean past net by de útgongspunten fan weryndieling.

Mear konkreet: as Drachten en it Hearrenfean yn ien gemeente lizze soene, dan moatte der geregeld belangenôfwagingen makke wurde tusken de beide kearnen. Dat sil net bydrage oan it ûnstean fan in homogene gemeente.

Dêrnjonken spoaret in fúzje ek net mei it idee dat gemeenten besteane moatte soene út in grutte kearn mei it fersoargingsgebiet dêr omhinne. En it liket de provinsje net ferstannich om de Súdeast hoek fan de provinsje in 'stêdlik' blok tsjin in plattelânsblok oer te krijen.

Mar it wichtichste argumint wat ús oanbelanget is wol dat der fierstene te min draachflak is by de befolking. As der gemeenten weryndield wurde moatte, dan moat dat fan ûnderen op begjinne. De ynwenners moatte harren oer it opdoeken fan harren gemeente útsprekke kinne.

De provinsje konstatearret ek dat de besteande gemeenten genôch bestjoerskrêft hawwe. Ek fan dat eachpunt is der gjin needsaak ta weryndieling of fúzje.

Hooplik kin der no wer wat rêst komme oan it weryndielingsfront en kinne de bestjoerders harren oandacht no wer folslein rjochtsje op it bestjoeren fan de gemeenten.