FNP hat soargen oer Wet Werken naar Vermogen

wwnvFNP-Smellingerlân hat lykas meardere partijen in ús gemeenteried, grutte muoite mei de WWNV. Wy ûnderskriuwe dan ek de kritykpunten dy’t de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG) ferline wike op it kleed lein hat by de Twadde Keamer: minder rykssubsydzje kin grutte tekoarten opsmite foar gemeenten, de praktyk fan “ontschotte” budzjettearring bedriget ús eigen reïntegraasjebudzjet en trochkrúsket it partisipaasjebelied dat Smellingerlân oant no ta fiert hat.

Boppedat sil it ynfierjen fan leandispensaasje in protte burokrasy betsjútte foar de gemeentlike organisaasje. Dêrneist meitsje wy ús soargen oer ferdringingseffekten op de arbeidsmerke en binne benaud dat leandispensaasje de CAO’s fan de legere leanskalen oantaaste kinne.

 Op it stuit leit de nije Wet werken naar vermogen (WWNV) foar stúdzje by de Twadde Keamer. Nei ferwachting sil dizze wet ynfierd wurde op 1 jannewaris 2013. Yn begjinsel sil de WWNV trije hjoeddeiske sosjale wetten ferfange: de Wet werk en bijstand (WWB), de Wet werk- en arbeidsondersteuning jonggehandicapten (Wajong) en de Wet Sociale Werkvoorziening (WSW).

Gemeenten krije aanst in saneamd "ontschot" (ek wol neamd: "gebundeld') re-yntegraasjebudzjet. Dat hâldt yn dat de gemeenten in totaalbedrach ûntfange sille fan it ryk sûnder foarskrift hokker part dêrfan foar eltse kategory útjûn wurde mei.

De wichtichste wiizigingen op in rychje:

  1. Dêr wurde lânlik 70.000 banen skrast foar minsken mei in arbeidsbeheining;
  2. De útkearingen wurde ferlege;
  3. De Wajong wurd útklaaid (alinne noch tagonglik foar minsken dy't gjin mooglikheid hawwe om te wurkjen);
  4. Ynfiering fan leandispensaasje.

De mooglikheid foar leandispensaasje is neffens de wetjouwer rjochte op it yn tsjinst nimmen troch it bedriuwslibben fan minsken mei in arbeidsbeheining. Útgongspunt is dat in wurkjouwer dan inkeld it lean betellet foar dat part dat ien werklik wurkje kin, de saneamde "fertsjinstkapasiteit".

Eltste yndividuele kapasiteit wurdt fêststeld mei help fan in tagongstoets (fragenlist). De gemeente sil oanfolje ta in ynkommen dat leit tusken dat fan de WWB en it minimumlean. De leandispensaasje is ornearre foar minken mei in WSW-yndikaasje en de Wajong-ers.