Goed wurkjouwerskip

mvoNei oanlieding fan de problemen by de Welle, behannelen wy jûn yn de ried in inisjatyf-útstel fan de SP en D66. It útstel wie bedoeld om it kolleezje by it subsidiearen fan ynstellingen in ynstrumint te jaan wêrmei it goed wurkjouwerskip hifke wurde kinne soe. Tagelyk wurke Grien Links ek oan in útstel oer in maatlat Maatskiplik ûndernimmen. It like ús better dat dy twa útstellen yninoar skood wurde soene omdat der in grutte oerlaap yn like te sitten.

Yn de kommisje woene SP en D66 dêr net oan, mar yn de riedsgearkomste lutsen de beide partijen it útstel yn om it letter yn de mande mei Grien Links wer yn de ried te bringen. Spitich dat de PvdA harren moasje net ynluts: de moasje ropt it kolleezje op te kommen mei in útstel nei de ried dat wierskynlik ek in grutte oerlaap ha sil mei it útstel fan Grien Links dat fierder útwurke wurde sil. Wy koene dy moasje dan ek net stypje.