Takomst

pasfoto durkYn de gemeenteried fan febrewaris stie de sosjale wurkfoarsjenning op de wurklist. Fanwege besunigingen en wetswizigingen, moatte gemeenten de sosjale wurkfoarsjenning oars organisearje. De ynstek is net hoe oft it better makke wurde kin foar de minsken dy't dêr wurkje, mar de ynstek is dat it minder kostje moat. De besunigingen op de sosjale wurkfoarsjenning is in politike kar fan Den Haach.

Noreena Herz skreau yn har boek "De Silent Takeover" hoe oft grutte multinasjonale bedriuwen de demokrasy útholje. Troch harren grutte ekonomyske macht binne se yn steat politisy te manipulearjen en te stjoeren wylst politisy de boargers fertsjintwurdigje moatte soene. Ien fan de gefolgen is dat by in soad ôfwagings it jild en de (bedriuws)ekonomy liedend wurden is, wylst de 'oerheid' yn it foarste plak bedoeld is om it wolwêzen fan har boargers te hoedzjen en as it kin better te meitsjen.

Wy libje yn in tiid fan 'marktwerking'. En wa't de merk kin, wyt dat dêr allinne saken ferhannele wurde dy't mei jild betelle wurde kinne. Kompassy, lok en natoer om mar wat te neamen, litte harren net yn jild útdrukke en spylje yn it merktinken dan ek gjin rol en komme it earste yn de knipe. Wy sjogge dat rûnom barren.

Mar hiel hoeden liket dat wol in bytsje te feroarjen. De boarger begjint mei syn keapgedrach en mei it ynternet en de sosjale media in stikje fan de ferlenne demokrasy werom te winnen. It giet stadich, mar it giet wol troch. En dàt makket de takomst sa moai.