In hege priis foar Caparis

caparisÔfrûne tongersdei 22 septimber hawwe de 8 Fryske Kolleezjes dy't it bestjoer foarmje fan Caparis, harren rapport oer de takomst fan de WSW-ynstelling presintearre en oanjûn dat hja dizze gearwurking trochsette wolle. In oplossing foar de grutte finansjele problemen is dêr noch net. Boppedat krije de gemeenten jierliks 6 miljoen minder fan it Ryk. De acht gemeenterieden moatte elts noch beskaat beslisse oer de gearwurking.


Oer it ûndersyk hat in soad te dwaan wist. It ûndersyk troch de Kolleezjes hie twa doelstellings: yn it foarste plak efterhelje oft Caparis wol foldien hat oan de polityke opjeftes fan de ôfrinde jierren en twaddens te hifkjen wat it Veranderplan 2008 (transysjeplan) oant no ta opsmiten hat. Dit ûndersyk is útfiert troch IJsselvliet Organisaasjeadviseurs út Swolle. De gemeenteried fan Smellingerlân hat earder dit jier al útsprútsen dat dizze beide doelstellings te beheind binne: ek soe sjoen wurde moatte nei it funksjionearjen fan it bestjoerlik tafersjoch en soe dêr helderheid komme moatte oer it ynhieren fan interim-personiel. Neffens de wethâlders wie lykwols sa'n – wiidweidich – ûndersyk net mooglik. Sawol Kolleezjes as gemeenterieden binne ôfhinklik fan de meiwurking fan Caparis sels. Neat soe ôf te twinge wêze, sa sei it Kolleezje fan Smellingerlân inkele moannen ferline. Ek de FNP fûn dit tige spitich.

No leit it rapport fan de Kolleezjes op tafel. Noch los fan dat de ûndersyksdoelstellings net behannele binne, - wêrtroch gjin evaluaasje oer it ferline jûn is - is ek it takomstich byld fan Caparis net helder wurden. Yn elts gefal net roaskleurich: allinne al yn 2011 krije de gearwurkjende gemeenten in koarting fan 6 miljoen euro op de post Leanheffing. Dat hâldt yn dat Caparis jierliks jild te koart komt om de leankosten fan de meiwurkers te kinne betelje. Dêrneist hat Caparis ek al jierren in begruttingstekoart.
Yn novimber sille de gemeenterieden wer prate mei de Kolleezjes oer de takomst fan Caparis wylst dêr dus gjin ferklearring is hoe't de sosjale wurkfoarsjenning eins yn it minne waar belanne is. Mar de rieden hawwe ek gjin foech – dit leit by de 8 Kolleezjes dy't in it bestjoer sitte. Yn desimber sille de Kolleezjes in beslút nimme.

De Kolleezjes hawwe al oanjûn troch gean te wollen mei Caparis om't de kosten fan opheffing - ynklusyf de ferplichtings fanwegen de leankosten fan de Caparis-meiwurkers - neffens har net te oersjen binne. Hja wolle úteins in Caparis dat allinne noch bestean sil út minsken dy't wegens in arbeidshandicap net in steat binne in tsjinstferbân te hawwen by in reguliere wurkjouwer. Dat soe ynhâlde dat dêr úteins foar de wajong-ers en minsken yn de WWB gjin plak mear is by Caparis. In grauweliche takomst, dat is wis.