FNP-bustocht troch hiel Fryslân

bustochtFNP_JPG_154813kOp sneon 26 febrewaris toert de FNP mei de top tsien fan 'e kandidatenlist foar de Provinsjale Steaten troch Fryslân. De bus giet fan Gaasterlân, fia It Hearrenfean nei Drachten, troch de Westereen nei Damwâld en dêrnei fia Blessum en Snits wer nei Riis yn Gaasterlân. De bus mei dweilorkest wurd om 11.30 oere ferwachte yn it sintrum fan Drachten, op de Merke (by it eardere postkantoor). De FNP-kandidaten sille ûnder oaren struibrieven útdiele. De FNP hopet op dizze wiize op ien dei mei sa'n 2500 minsken in direkt kontakt te hawwen. De FNP wol each hawwe foar sawol grutte as lytse plakken.

Op de provinsjale kandidatenlist steane ek twa leden fan FNP-Smellingerlân: op tsien stiet Saapke Voolstra - studinte PABO oan de NHL - út Drachten en op plak alve Jannes van der Velde, selsstannich kommunikaasje-riejouwer út Rottefalle.