Plan B foar MFC-Aldegea

Aldegea hat yn jannewaris 2010 in boargerinisjatyf yntsjinne om de gemeente Smellingerlân sa fier te krije dat se mear jild beskikber stelle foar de bou fan in multifunksjoneel sintrum (MFC). De MFC-Kommisje is al acht jier dwaande  om de plannen - dy't útfiert wurde moatte op it sportkompleks De Kampen - op papier te setten.

De ried hat ea 750.000 euro ornearre foar it MFC. Mar it doarp woe mear om in bredere akkomodaasje te realisearjen dêr't ek volleybal en kuorbaljen yn plak fine kinne. Aldegea makke doe in alternatyf plan. Neffens it Kolleezje soe dat fierstene te djoer wurde, nammentlik sa'n 2,2, miljoen euro. As gefolch fan it boargerinisjatyf waard it Kolleezje op 'e nij oan it rekkenjen setten - yn de mande mei de MFC-Kommisje. No't mei deselde útgongspunten rekkene waard, kamen se út op likernôch 1,5 miljoen euro foar it hiele kompleks.

De ynwenners fan Aldegea wolle graach in evenemintenseal fan 800 kante meter mei romte foar wedstriden en in tribune - ûnder mear dus te brûken foar volleybal en kuorbal. Beide sportferienings moatte no noch útwike nei oare doarpen, sels bûten Smellingerlân. In mearderhied fan de riedskommisje SAZO hat lykwols op 22 novimber oan de ried advisearre dat in lytsere seal, mei mooglik in gymseal yn stee fan in sporthal, better wêze soe. Mar de FNP fynt de MFC-plannen fan Aldegea wol goed en hat him dan ek oansletten by it boargerinisjatyf. Derby hat de FNP ûnder mear oanjûn it nuver te finen dat it Kolleezje de bekostiging fan bygelyks it doarpshûs fan Rottevalle meinaam hat yn de saneamde "Stimulerende Invalshoek" ( en dêrfoar 1,1, miljoen op it kleed leit) wylst dit foar Aldegea net mooglik is. De FNP fynt inkeld 750.000 euro foar it MFC fan Aldegea te min en hat de útkomsten fan it troch it Kolleezje útfierde haalbaarheidsûndersyk as "skieterich" bestempele.

Ôfrinde wike waard dan de ried frege om in beslút te nimmen oer it boargerinisjatyf. En dat beslút kaam dêr, mar - sa as eins ek ferwachte - net lykas de MFC-Kommisje, Doarpsbelang Aldegea én de FNP graach sjoen hiene. It basisbedrach bliuwt 750.000 euro. De evenemintenseal moat lytser, want oars kin de eksploitaasje net út - sa tinkt de mearderheid fan de ried. Op koarte termyn moat de MFC-Kommisje wer mei it Kolleezje prate om in alternatyf plan B te meitsjen. Spitich, want de plannen fan Aldegea binne neffens de FNP goed ûnderboud en wurde breed droechen troch de mienskip fan it doarp. No komt aanst in útklaaid plan op tafel wylst hiel Aldegea sein hat dat in romte fan 800 kante meter no krekt nedich is om de eksploitaasje rûn te krije. In plan B dat gjinien yn Aldegea echt winsket. In miste kâns foar it Kolleezje, fynt de FNP.