Smellingerlân!

drachsmelIt docht bliken dat de lêste tiid hieltiten faker yn offisjele publikaasjes fan de gemeente Drachten|Smallingerland brûkt wurdt wannear't de hiele gemeente bedoeld wurdt. De oantsjutting krijt dêrmei it karakter fan gemeentenamme. GroenLinks en de FNP hawwe hjiroer in ynterpellaasje oanfrege omdat it feroarjen fan de gemeentenamme it foech fan de gemeenteried is en net dy fan it kolleezje.  Hjirûnder de tekst fan it ynterpellaasjefersyk.

 

Oan de foarsitter fan de gemeenteried,

De fraksjes fan FNP en GroenLinks fersykje de ried in ynterpellaasje ta te stean yn de riedsgearkomste fan 7 desimber oansteande oer it brûken fan de oantsjutting “Drachten|Smallingerland“ wannear’t de hiele gemeente bedoeld wurdt of wannear’t allinne “Drachten” bedoeld wurdt.

De fraksjes fan FNP en GroenLinks ha konstatearre dat it Kolleezje de oantsjutting “Drachten|Smallingerland” brûkt hat by ûnder oaren:

  • Advertinsje funksje griffier;
  • Hiemside en mailberjochten;
  • Útnoegings.

Nei ús betinken heart it Kolleezje de gemeentenamme “Smellingerlân” of “Smallingerland” te brûken. Dit is de fêststelde namme fan de gemeente sûnt 01-10-1816 (sjoch ek:  Repertorium Nederlandse Gemeenten 1816-2006, Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen, Den Haag 2006). De Gemeentewet, artikel 158, jout oan dat allinne de ried in gemeentenamme fêststelle of wiizigje mei. Troch no de oantsjutting “Drachten|Smallingerland” te hantearjen yn situaasjes dêr’t  de gemeente Smellingerlân bedoeld wurdt, liket it Kolleezje hjirfan ôfwike te wollen.

Yn it foarste plak binne de FNP en GroenLinks fan betinken dat in oare oantsjutting as Smellingerlân, ûndúdlikheden opropt by boargers en tredden oer it brûken fan de offisjele gemeentenamme. Twaddens krijt de FNP de yndruk dat de oantsjutting “Drachten|Smallingerland”de foarkar hat fan it Kolleezje, sûnder dat it Kolleezje harren opfettings eksplisitearret - ien en oar bart nochal temûk. Yn ‘t leste plak is de FNP fan miening dat mei it brûken fan “Drachten|Smallingerland” de doarpen yn de gemeente tekoart dien wurde.

De FNP en GroenLinks binne dêrfan op ‘e hichte dat yn it Kolleezjeprogram stiet dat it Kolleezje fan doel is de oantsjutting “Drachten|Smallingerland” te brûken – foaral bûten Fryslân. Neffens it Kolleezje soe de namme “Smallingerland” relatyf ûnbekind wêze yn it lân . Yn de begruttingsgearkomste hat de foarsitter fan it Kolleezje dit nochris werhelle. Foar it brûken fan “Drachten|Smallingerland” beropt it kolleezje him op it Kolleezjeprogramma.

De FNP en GroenLinks binne it mei dizze argumintaasje lykwols net iens. En no’t it brûken fan de oantsjutting folle breder plak fynt dan yn de akwisysje fan bedriuwen fan bûten de provinsje - sjoch de foarbylden – krijt de oantsjutting it karakter fan in gemeentenamme.


Dêrom hawwe de FNP en GroenLinks de folgjende fragen oan it Kolleezje:

1)     Erkent it Kolleezje dat allinne de ried it foech hat om in beslút te nimmen oer de gemeentenamme?

2)     Oan hokker riedsbeslút ûntlient it Kolleezje it brûken fan de oantsjutting “Drachten |Smallingerland” yn de offisjele kommunikaasje wannear’t dúdlik is dat dêrmei de hiele gemeente bedoeld wurdt?

3)     De oerwagings foar brûken fan in oare oantsjutting foar de gemeente:

a)     Wat binne de oerwagings fan it Kolleezje om de oantsjutting “Drachten |Smallingerland” te brûken wannear’t ekplisyt de hiele gemeente Smellingerlân bedoeld wurdt?

b)     Wat binne de oerwagings fan it Kolleezje om de oantsjutting “Drachten|Smallingerland” te brûken yn situaasje allinne Drachten bedoeld wurdt?

c)     Kin it Kolleezje foar eltse oerwaging dy’t ûnder a.  en b. neamd wurd, oanjaan of in beskaat barren, in spesifyk beslút of in útspraak ea fan de ried dien, de grûnslach foarmet by it gebrûk fan de oantsjutting “Drachten|Smallingerland” ?

d)     Wie der sprake fan in eksterne motivaasje om de oantsjutting “Drachten|Smallingerland” te hantearjen?

 

4)     Wêrom is it kolleezje, wannear’t hja fan betinken binne dat de gemeentenamme net foldocht, net mei in nammewizigings-útstel nei de ried kaam as útwurking fan it kolleezjeprogramma?

 

Yn ôfwachting fan suvere en kleare antwurden

 

FNP:                                          Durk Oosterhof, Sijbren Sijtsma

Groen Links:                        Marjon Said-Brinkman en Piet de Ruiter.