FNP yn de koälysje

De FNP sil yn de mande mei GrienLinks dielnimme yn in kolleezje fan ELP, PvdA, VVD en GL/FNP sa as it no liket. GrienLinks sil de wethâlder leverje. Mar sil in wethâlder foar GrienLinks en de FNP wêze. Sa hawwe beide partijen dat ôfpraten mei-inoar en mei de ELP, VVD en PvdA. Foar de FNP is dit foar it earst yn Smellingerlân dat wy yn de koälysje sitte.

Neidat yn de ynformearjende ronde de gemeenteried in riedsprogramma fêststeld hat, is it no oan de kolleezjefoarmjende partijen om een kolleezjeprogramma op haadlinen fêst te stellen. De FNP hat der alle fertrouwen yn dat dat slagje sil.

Stimwizer nimt it Frysk net serieus

Yn de Fryske fersy fan de stimwizer fan Smellingerlân sitte safolle taalfouten dat de teksten hast net te lêzen binne neffens Oosterhof fan de FNP. "In Nederlânsktalige stimwizer fan dit nivo soe net akseptearre wurde. It liket wol of hawwe se de Nederlânske teksten troch in robot oersette litten sûnder der fierder noch nei om te sjen. En dêr komt noch by dat de taljochtingen fan de FNP yn de Nederlânsktalige fersy hielendal net oersetten binne". De gemeenteried hat eartiids besletten om in twatalige stimwizer meitsje te litten. Foar de oersetting is in substansjeel bedrach betelle.

Lês mear...

Durk Oosterhof listlûker FNP-Smellingerlân

De ledegearkomste fan de FNP Smellingerlân hat de list foar de kommende riedsferkiezings gearstald. Sittend riedslid Durk Oosterhof, biologysk boer op It Súd, krige wer it betrouwen fan de leden en waard oanwiisd as listlûker.

Op nûmer twa is kommen Wietze Lap, rekreaasjeûndernimmer op 'e Rottefalle. Beide binne ek wurksum yn it middelber beropsûnderwiis.

It tredde plak wurdt ynnommen troch in nijkommer, sosjaal wittenskipster Kim Tsai, ek fan de Rottefalle.

It nije program set yn op in maatskippijfyzje dêr't ek de net op jild te setten ekonomyske faktoaren (miljeu, wolwêzen, ensfh.) tige yn meiwoegen wurde. Yn dit ramt pleitet FNP-Smellingerlân ek foar it ûndersykjen fan de mooglikheid fan in algemien basisynkommen.

FNP wol parsebureau ynhiere foar de gemeenteried

gemeenteriedBy de behanneling fan it Perspektyf (yn dit dokumint kin de ried it kolleezje in rjochting meijaan foar de begrutting dy't de ried yn novimber fêststelt), hat de FNP útstelt om foar de gemeenteried in parseburo yn te hieren dy't op in sjoernalistyk ûnôfhinklike manier de ferslagen makket fan de riedsgearkomsten. Dy ferslagen soene dan publiseard wurde kinne yn bygelyks de Breeduit en op de hiemside fan de gemeenteried.

Lês mear...

Taalbeliedsplan

praatmarfryskBy de behanneling fan de Perspektyfnota hat de FNP ek oankundige mei in taalbeliedsplan te kommen. Mei de ynfiering fan de nije taalwet, moatte oerheden yn Fryslân it brûken fan it Frysk stimulearje. Yn ús gemeente komt dêr noch net safolle fan op de hispel. Fandêr dat de FNP mei in inisjatyfútstel foar in nije taalferoardering en in nij taalbeliedsplan komt.

It inisjatyfútstel komt nei de fakânsje op de wurklist fan de gemeenteried.

Takomst Caparis noch hieltiten ûnwis

De 8 gemeenten dy't de mienskiplike regeling foarmje dêr't Caparis ûnder falt, binne it net iens oer de takomst fan Caparis. Mei de ynfiering fan de partisipaasjewet is it wetlik ramt fan de sosjale wurkfoarsjenning gâns feroare wêrtroch ek de rol fan Caparis in oare wurde moatte soe. Hoe dy rol der dan útsjen moat, komme de bestjoers net út.

Lês mear...

Peinder Mieden

peindermiedenNei in protte geharrewar is yn july it bestimmingsplan foar de Peinder Mieden fêststeld. Dêrmei is in trajekt fanôf 2012 (en eins noch earder, mar yn 2012 is it earste beslút fallen) ôfsletten.

Lês mear...

Swimbad de Welle

Ús swimbad de Welle is oan'ein. Nijbou is eins de iennichste opsje. As je in nij swimbad bouwe kin dat op ferskate manieren. Je kinne kieze foar allinne in rekreaasjebad (al of net mei bûtenbad) en foar rekreaasje en topsport. Op dit stuit is de Welle it iennichste topsportbad yn Noard-Nederlân.

Lês mear...

Breedbân ynternet

Ferline jier kamen CDA, ELP en VVD mei in inisjatyfútstel om yn de gemeente glêsfezel oan te lizzen yn de wite (dêr leit no allinne in tillefoankabel) en grize (koaxbekabele gebiet).Ferline jier kamen CDA, ELP en VVD mei in inisjatyfútstel om yn de gemeente glêsfezel oan te lizzen yn de wite (dêr leit no allinne in tillefoankabel) en grize (koaxbekabele) gebiet.

Lês mear...

Grutte respons op enkête FNP

fnpenketeYn de moannen jannewaris en febrewaris hat de FNP Smellingerlân in enkête hâlden yn de gemeente Smellingerlân. Mear as 400 minsken hawwe meidien en de resultaten binne yn april yn De Rottefalle bekend makke.

De enkête waard op papier hûs-oan-hûs ferspraat, tenminste by de adressen sûnder nee-stikker. Fia adfertinsjes waarden oaren oantrune om de enkête online yn te fullen.

 

Lês mear...

Seismysk ûndersyk lytse gasfjilden

Vermilion siket om lytse gasfjilden foar de gaswinning. Dêrfoar is seismologysk ûndersyk nedich. De útkomsten fan sa'n ûndersyk kinne ek brûkt wurde om gaadlike lokaasjes te finen dêr't ierdwaarmte wûn wurde kin.

Lês mear...

Peinder Mieden giet troch

PeinderMiedenNei jierren fan ûnwissigens, is no de kûgel troch de tsjerke: de Peinder Mieden kin los. De FNP makket him soargen oer it slagjen fan it projekt. As alles útkomt sa as ús foarhâlden wurdt, kin it wat moais wurde, mar yn ús eagen binne der noch wol wat losse eintsjes. Ien dêrfan is it ûnderhâld fan de lânskip. 

Lês mear...

Kultuernota

simmerdeis 6 2Yn july hat de ried de nije Kultuernota fêststeld. Yn de nota wurde de ambysjes fan de gemeente beskreaun wat kultuer oanbelanget. Mar yn de nota wie hast gjin omtinken foar it Frysk.

It amendemint fan de FNP om “Bij de uitwerking van deze ambities proberen we bewust, natuurlijk, optimaal en integraal het gebruik van de Friese taal in te passen.” waar oannommen troch de ried sadat der no yn alle gefallen in kapstok is om it Frysk in better plak te jaan yn de kultuerbelied fan de gemeente.

Spoeddebat oer útfiering ynkeapbelied

In bedriuw yn de gemeente hat ferline jier in stagair diskriminearre omdat er homofyl is. Dat is troch in rjochterlike útspraak befêstige. Foar it kolleezje is dat reden om in jier lang gjin ynkeapen mear by dat bedriuw te dwaan. De grûnslach dêrfan leit yn it ynkeapbelied dat fêststeld is. Dúdlike saak wat de FNP oanbelanget.

Lês mear...

Gjin sneinsiepening yn Smellingerlân

centrum

Yn ús gemeente meie winkels net op snein iepen en yn it koalysjeakkoard fan D66, PvdA, SP en de CU hawwe se ôfpraten dat der yn dizze kolleezjeperioade neat oan feroarje sil. Lykwols woe de ELP mei in inisjatyfútstel foarinoar krije dat de ried sneinsiepening mooglik meitsje soe.

Lês mear...

Freonskipsbân Kiryat Ono

kiryatono

In wurkgroep yn Smellingerlân is warber om de freonskipsbân mei Kiryat Ono nij libben yn te blazen. Ek yn Kiryat Ono binne twa minsken dy't harren ynsette wolle foar it nij oppoetsen fan de bân.

Lês mear...

Referindum kin no ek yn Smellingerlân

stimpotleadDe gemeenteried hat in referindumoardering fêststeld. Boargers kinne in riedjouwend referindum oanfreegje oer guon ûnderwerpen dêr't de gemeenteried oer giet en dy't de hiele gemeente oanbelangje.

Ek de FNP hat hjir foar stimd. As je boargers mear by de polityk belûke wolle en je fine dat beslútfoarming fan ûnderop plakhawwe moat, kin in referindum dêrby helpe.

Net mear eveneminten yn FCD

FCDIt Fries Congres en Paardencentrum (FCD) wol graach mear mooglikheden om net hysterelatearre eveneminten organisearje te meien. De omwenners hawwe dêr problemen mei. Se tinke dat der mear oerlêst komme sil.

Lês mear...

Transferium slút oan by fyzje FNP

transferiumYn de de tiid dat it der op like dat de gemeente 28 miljoen ynvestearje soe yn in spoar fan Grins nei Amsterdam fia Drachten en it Hearrenfean, wie de FNP fan betinken dat op syn minst earst útsocht wurde moatte soe of mei it oanlizzen fan in spoar wol it measte maatskiplik rendemint helle wurde soe mei dat jild.

Lês mear...

Fraachtekens by de Peinder Mieden


peindermiedenDe FNP makket him soargen oer de realisaasje fan de Peinder Mieden en de kosten dy’t dêr mei anneks binne. De Peinder Mieden is it plan dêr’t in kollektyf fan partikulieren 90 ha grûn fan de gemeente keapet en dêr likernôch 40 wenten op bouwe mei.

Lês mear...